Ambulânseboat by huldiging

© Omrop Fryslân
De ambulânseboat út Snits hat tiisdei mar in pear lytse hannelingen ferrjochtsje moatten by de huldiging fan it Nederlânsk alvetal yn Amsterdam.
De boat fear achter de boat mei dêrop de spilers fan oranje. Doel wie om minsken by te stean dy't yn it wetter telâne kaam wienen. Neffens in wurdfierder fan de ambulânseboat sprongen wol in soad minsken it wetter yn, mar bleaune se ticht by de kant en koe de plysje se der gau úthelje.