Marit Bouwmeester net yn aksje

13 jul 2010 - 21:30

Marit Bouwmeester kaam tiisdei net yn aksje op it wrâldkampioenskip yn de Laser Radial. Op it wetter fan de Clyde yn it Skotske Largs ha de sylsters mear as fiif oeren wachte op in bytsje wyn. Der kaam gjin sigentsje!

Woansdei op de lêste dei sille der op syn meast trije wedstriden syld wurde. Dat bringt it totaal op njoggen. It minste resultaat mei dan ôflutsen wurde. Marit begjint op it twadde plak, sân punten achter regearend kampioene Sari Multala út Finlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)