Ljouwert giet foar 'grien' gas

13 jul 2010 - 20:24

De gemeente Ljouwert hat wer tsien auto's yn gebrûk naam dy't ride op ierdgas. Yn 2006 is Ljouwert fan start gien mei it riden yn saneamde 'griene' auto's. Op dit momint hat de gemeente tweintich auto's dy't op ierdgas ride. Oer fjouwer jier moat tachtich prosint fan de auto's fan de gemeente Ljouwert op 'grien' gas ride.

De gemeente Ljouwert wol yn 2020 in stêd wêze dy't net mear ôfhinklik is fan fossile brânstoffen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)