Garaazje It Saailân op skema

13 jul 2010 - 19:31

Parkeargaraazje It Saailân yn Ljouwert is op 'e tiid klear. De bou fan de nije garaazje leit op skema, sa lit de gemeente witte. Wol moat de oannimmer dan yn de boufak trochwurkje. In part fan de garaazje is al net mear te sjen. Dêrfan is it dak al klear.

De ferwachting is dat de folsleine boppekant fan de garaazje oer in pear moanne klear is. Dan begjint de oannimmer mei de ynrjochting fan de binnenkant. Yn maart takom jier moat de garaazje klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)