Oplossing muzykles Opsterlân

13 jul 2010 - 18:54

Opsterlân hat in oplossing fûn foar it weifallen fan muzyklessen troch it Sintrum foar de Keunsten A7, dat fallyt gien is. Ateliers Majeur komt fan septimber ôf mei itselde oanbod as it Sintrum foar de Keunsten, mei as ienige ferskil dat de eigen bydrage omheech giet.

Dat is nedich, omdat Opsterlân yn 2013 in ton minder útjaan wol oan it muzykûnderwiis. In strangere kontrôle moat foarkomme dat ek de nije opset fallyt giet

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)