Smook- en stookferbod opheft

13 jul 2010 - 17:59

Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Opsterlân hawwe mei yngong fan tiisdei it smook- en stookferbod ynlutsen. It ferbod wie goed in wike ferlyn ynsteld fanwege de droechte en it brângefaar dat benammen yn natoergebieten bestie.

De waarsferwachting is no sa dat der net langer in grut gefaar is foar heide- en boskbrannen. It smook- en stookferbod waard tiisdei ek al yn de gemeente Eaststellingwerf opheft.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)