Frysk wetterprojekt: 2 miljoen

13 jul 2010 - 15:12

In Frysk wetterprojekt foar Mozambyk krijt twa miljoen euro rykssubsydzje fan it Ministearje fan Untwikkelingsgearwurking. Wetterskip Fryslân, de provinsje, wetterbedriuw Vitens en de measte Fryske gemeenten wurkje yn it projekt mei elkoar gear.

Besocht wurdt in bydrage te leverjen oan it skjinhâlden fan drinkwetter. Dat dogge se troch wc's te bouwen op skoallen yn stedswiken dêr't no faak allinnich mar wetterputten binne. Der komt ek foarljochting oer syktes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)