Spikerdoarp op 'e Jouwer

Op 'e Jouwer is tiisdei in spikerdoarp iepene troch wethâlder Benedictus fan Skarsterlân. It is foaral bedoeld foar bern dy't om hokker reden dan ek net op fakânsje kinne. Mar ek oare bern binne wolkom. Groepkes bern krije in eigen kavel dêr't se op bouwe meie.
It hout komt fan partikulieren en fan ôffalsamler en ferwurker Omrin. Frijwilligers begeliede de bern by it timmerjen. Ferline jier wiene der 300 bern yn spikerdoarp De Jouwer.