Bekentenis yn saak-Monsma

13 jul 2010 - 11:45

De 24-jierrige Dokkumer dy't fêstsit foar de moard op Suzanne Monsma hat in bekentenis ôflein. Hy hat tajûn dat er it slachtoffer mei in swiere hammer slein hat. It resjerzjeteam dat de saak ûndersiket is no op syk nei it moardwapen. It Tolhúspark dêr't Suzanne fûn is, is ûndersocht. Der is lykwols neat fûn.

Minsken dy't op snein 20 juny of dêrnei ark fûn hawwe yn Dokkum wurdt frege dat by de plysje te melden. Dy hellet it dan op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)