Grize Jaguar stellen

13 jul 2010 - 11:22

By in ynbraak yn bedriuw oan de Pallaswei yn Ljouwert is in grize Jaguar stellen. De ynbraak wie tusken ferline wike woansdeitemoarn en moandeitemiddei. De plysje siket minsken dy't mear oer de ynbraak of oer de auto witte.

De auto is fan it type XJ6, hy is griis fan kleur en it kenteken is 63-YA-41. Misken dy't wat witte, kinne mei de plysje belje of mei Meld Misdie Anonym.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)