Op fakânsje: ynbraak yn wenhûs

Ut in wenhûs oan 'e Polderwei yn De Haule binne de ôfrûne wiken twa laptops en in LCD-televyzje stellen. De dieder koe yn it hûs komme troch in rút iepen te brekken. De ynbraak wie doe't de bewenners mei fakânsje wiene.
Yn in hûs oan 'e Langewyk yn Drachten is ek ynbrutsen. De dieder kaam der dêr yn troch de achterdoar. Ut it hûs binne ferskate dingen meinaam.