Fernijde wei It Amelân te smel

13 jul 2010 - 09:54

De Ridderweg tusken Hollum en Ballum op It Amelân is te smel wurden. Dêrtroch moatte bussen betiden troch de berm en dat feroarsaket skea. De bouwers soene de dyk 5 meter breed meitsje, mar dat is 4.80 meter wurden.

Guon partijen yn 'e gemeenteried easkje opheldering fan wethâlder Oud oer de saak. De PvdA ferwyt him minne rezjy. Algemeen Belang Ameland easket in dossier oer de kwestje. De partij wol der yn 'e earstkommende kommisjegearkomste oer prate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)