Utgean yn Opsterlân feiliger
In nij hoarekakonvenant moat soargje dat útgean yn de gemeente Opsterlân in stik feiliger wurdt. Benammen yn de kroegen op De Gordyk is it faak drok en dat soarget somtiden foar problemen. De gemeente, plysje en hoareka ha dêrom ôfpraat benammen skerper te kontrolearjen op de ferkeap fan drank en it talitten fan dronken gasten.
De hoarekaûndernimmers sels moatte noch wol tekenje mar de gemeente ferwachtet dêr gjin problemen.
Trefwurden:
argyf