WK-kater dreunt noch nei
It hie sa moai wêze kind, mar it mocht net sa wêze. It Nederlânsk alvetal hat snein de WK-finale fan Spanje ferlern. Spanje skoarde oan de ein fan de ferlinging de 0-1 en makke sa in ein oan in grutte dream fan Oranje.
De Dokkumer Flaggesintrale sit mei 2500 WK-flagen yn 'e mage. Se binne, nei it ferlies net mear te ferkeapjen. Likegoed hie de flage-fabrikant yn koarte tiid al goed 10.000 eksimplaren fan de kampioensflagge ferkocht. De lêste 2500 bliuwe no lizzen.
Trefwurden:
argyf