Rjochts-ekstremen op ynternet

Rjochts-ekstremisme ferskoot yn Fryslân fan de strjitte nei it ynternet en it ferhurdet. Dat seit Sintrum Tûmba, it meldpunt foar diskriminaasje. Dêrtroch is der minder fet op te krijen. Dochs is de yndividuele oanpak de bêste, sa docht bliken út de monitor Racisme en Extremisme, dy't de Anne Frankstichting ferline wike publisearre.
By Tûmba komme mear meldings oer diskriminaasje en rasisme binnen.