Militêre oefening op Skier

Op Skiermûntseach is moandeitenacht in oefening fan learlingen fan de keninklike militêre skoalle út Vught. De 15 militêren sitte oan de ein fan har oplieding en moatte besykje yn it tsjuster fan de iene kant fan it eilân nei de oare te kommen, sûnder dat se sjoen wurde.
De lieder fan de oefening hat syn mobile nûmer op de website fan de gemeente sette litten. As ynwenners Skiermûntseach dochs wat sjogge, meie se him belje.