Man docht gefaarlik op A7
De plysje hat it rydbewiis fan in 41-jierrige automobilist út De Lemmer ynnaam neidat de man op de A7 by Fryske Peallen foar gefaarlike situaasjes soarge hie. Ferskate automobilisten moasten boppe op de rem stean, omdat de man midden op de sneldyk stil stie.
Omdat de man de yndruk makke yn 'e war te wêzen is er nei syn oanhâlding troch in dokter ûndersocht.