Snijwûnen foar ynbrekker
In ynwenner fan Bakkefean hat by in ynbraak yn Drachten earnstige snijwûnen oan syn earmen oprûn. De 26-jierrige man bruts yn by in wenning oan de Oosterstraat en sloech dêrby in rút yn. Hy waard troch de oproppen plysje oerbrocht nei it sikehûs. Nei behanneling waard er meinaam nei it buro.
De plysje wie oproppen omdat de man earst op de doar fan it hûs slein hie.