Snitser swierferwûne nei rûzje

Yn Snits is sneontejûn in 62-jierrige man swierferwûne fûn yn in wenning oan de Napjusstrjitte. De Snitser hie rûzje op strjitte mei in ûnbekende man en waard troch him mishannele. Doe't de plysje dêrop ôfkaam, waard de man bliedend op de grûn fûn. Hy is net de bewenner fan it hûs.
De man is yn kritike tastân nei it sikehûs brocht. De plysje is dwaande mei in buertûndersyk om de dieder te achterheljen.