Plysje tefreden oer WK-jûn

12 jul 2010 - 01:08

De Fryske plysje hat njoggentjin minsken oanhâlden nei de WK-finale fan sneintejûn. De measten waarden oppakt yn Ljouwert en Drachten, meastal nei fjochtpartijen en fernielings. De plysje is dochs tefreden oer it ferrin fan de nacht. By de sikehuzen wie it drokker as oars op in sneintejûn, mar der wiene gjin problemen. By de EHBO op it eveneminteterrein yn Ljouwert kamen wol 25 minsken binnen. Achttjin fan harren wiene net goed wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)