Winst foar Van der Bos-en-dy

Taeke Triemstra (foto: Henk Bootsma)
It partuer Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hat snein de frijeformaasjepartij yn Boalsert wûn. Se kamen yn de finale út tsjin Jan Dirk de Groot, Karel Nijman en Pier Piersma. Gert-Anne van der Bos-en-dy wûnen mei 5-2 en 6-6.
De lytse preemje wie foar Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Alle Jan Anema. Taeke Triemstra waard ta kening útroppen fan 'e partij.