Frou mislediget plysje
In 46-jierrige frou út Drachten is sneontenacht oanhâlden foar mislediging. Surveillearende plysjes seagen de frou tegearre mei in man op in bankje sitten mei in flesse sterke drank. De man sei dat de flesse fan him wie, wêrop't er in boete krige.
De frou begûn de plysjes út te skellen en trape tsjin de plysje-auto oan. Se waard oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. Dêr wegere se har te identifisearjen. De frou is foar fierder ûndersyk fêstset.
Trefwurden:
argyf