Finale: kafee's langer iepen

11 jul 2010 - 12:48

De kafee's op Skylge meie sneintejûn in oere langer iepen bliuwe fanwege de WK-finale Nederlân-Spanje. Se moatte om trije oere ticht wêze. Yn de gemeente Wûnseradiel meie de terrassen in oere langer iepen bliuwe, oant tolve oere.

Yn Harns stean trije grutte skermen om de wedstriid te folgjen. Op 'e Jouwer, yn Drachten, yn Ljouwert en op It Hearrenfean stean ek grutte skermen. De kaartsjes foar it WK-feest mei tv-skerm yn Boalsert binne útferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)