Winst Cambuur, Hearrenfean lyk

10 jul 2010 - 22:16

Sportklup Cambuur hat sneon yn Koatstertille in oefenwedsriid tsjin in regioteam mei 11-0 wûn. By it skoft wie it 4-0 troch doelpunten fan Serhat Koç, Léon Hese, Nassir Maachi en Dave Huymans. Nei de tee opnij Koç en Huymans, trije kear Bob Scheepers, Robert van Boxel en Nathanel Cathalina.

SC Hearrenfean spile yn Heeten mei 2-2 lyk tsjin Go Ahead Eagles. Roy Beerens yn de earste en Filip Djuricic yn de twadde helte wiene de doelpuntmakkers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)