Brandsma en Helmholt winne

10 jul 2010 - 21:47

Nard Brandsma fan It Heidenskip ljepte sneontejûn by de junioaren yn Winsum nei in geweldich persoanlik rekôr fan 19.72. Dat wie mar tsien sintimeter minder as it Frysk rekôr dat Albert-Jan Venema in pear dagen lyn yn Drylts sprong.

Topklasser Bart Helmholt helle motivaasje út de ôfstân fan Brandsma. Yn syn earste finalesprong sette de Burgumer de fierste sprong fan de jûn del: 19.87. Age Hulder wûn mei in pr fan 17.34 by de jonges.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)