Weening yn top 10 Eastenryk

10 jul 2010 - 20:25

Pieter Weening is op de foarlêste dei fan de Ronde fan Eastenryk yn it algemien klassemint klommen nei it tsiende plak. Sneon yn in tiidrit oer 26,3 kilometer waard de Harkyt njoggentjinde. De oerwinning wie foar syn ploechmaat Joost Posthuma dy't ien minút en 35 sekonden rapper wie.

Yn it algemien klassemint is Weening de bêste Nederlanner mei in achterstân fan goed fiif minuten op de Italiaan Ricardo Ricco. Snein is de lêste etappe oer 122 kilometer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)