Bouwmeester bliuwt liedster
Marit Bouwmeester stiet ek nei de twadde dei fan it WK yn de Laser Radial op it earste plak. Nei har winst en twadde plak op de earste dei, waard de sylster út Warten sneon in kear fiifde.en sânde. As it minste resultaat ôflutsen wurdt stiet Bouwmeester mei de Fransêze Sarah Steyaert, de Amerikaanse Paige Railey en de Finse Sari Multala op in dield earste plak mei acht punten.
Olympysk kampioene Anna Tunnicliffe sakke bot yn it klassemint.