Feenstra kening yn Boalsert

10 jul 2010 - 19:02
Marten Feenstra (foto: Henk Bootsma)

Pieter van Althuis, Taeke Triemstra en Marten Feenstra wiene sneon it bêst op slach by de haadklasse útnoegingspartij fan de 125-jierrige keatsferiening Boalsert. Yn de finale waard it partoer fan Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Daniël Iseger mei 5-2 en 6-6 ferslein. Marten Feenstra waard kening fan de partij.

Snein wurdt der wer keatst by de jubilaris. Dan is der in frije formaasjepartij op it smûke 't Oordje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)