Partoer Wagenaar wint Doanjum
De haadklasse útnoegingspartij foar froulju yn Doanjum is sneon wûn troch it partoer Lisette Wagenaar, Judy Bergsma en Fenna Zeinstra. Se wûnen de finalepartij mei 5-3 en 6-6 fan Hilda Tjepkema, Leonie van der Graaf en Gérieke de Groot.
De tredde priis wie foar it partuer Linda Terpstra, Maaike Osinga en Afke Hijlkema.