Brânstichter wenhûs oppakt

Yn Koatstertille is freedtejûn in 38-jierrige man út dat plak oanholden, omdat er in hûs oan 'e Pinksterblomstrjitte yn 'e brân stekke woe. Tsjûgen seagen dat er mei in stik papier nei it hûs ta gie en sûnder it papier weromkaam. Bliken die dat troch in iepen útsetrút in baarnend stik papier it hûs ynsmiten wie.
Der wie gjinien yn it hûs. In buorman hat de brân útmakke. De plysje hat mei help fan in sinjalemint de fertochte oppakt.