Kontrôle op it wetter
Yn Drachten en yn Earnewâld hat de plysje te wetter twa boatsjefarders in bekeuring jûn. Se fearen te hurd. De kontrôles wiene freed. Fierders krige yn Burgum in boateigner in bon. Hy hie gjin brânblusser oan board.
De plysje sil de kommende perioade wol gauris kontrôles hâlde op it wetter.