Gerjochtshôf skokt troch dea

Foto: Omrop Fryslân
It gerjochtshôf yn Ljouwert is skokt troch de selsmoard fan in 42-jierrige Jobbegeaster. Hy die himsels tekoart nei't er op 'e ynternetside fan justysje lêzen hie dat er seis jier sel krigen hie. De man hie fjouwer jier ferlyn yn Havelte besocht syn eks-frou dea te sjitten. Dêrfoar hie er 180 oeren wurkstraf krigen, mar it heger berop foel folle heger út.
It gerjochtshôf lit witte dat wetlik fêstlein is dat útspraken sa gau mooglik iepenbier makke wurde.