WK-finale: 15.000 by Aldehou

It plein foar de Aldehou is no noch leech (foto: Omrop Fryslân)
Op it plein by de Aldehou yn Ljouwert wurde snein 15.000 minsken ferwachte om de finale fan 'e WK-fuotbalwedstriid Nederlân-Spanje te sjen. Dat binne seistûzen mear as by de heale finale. Dêrom hat de gemeente maatregels naam.
It feestterrein wurdt grutter makke, diken wurde ôfsletten foar it ferkear en der wurdt foar soarge dat minsken makliker by drinken komme kinne. Mei de maatregels wol de gemeente de feiligens garandearje.