Kontrôle op brêgespringers

10 jul 2010 - 09:56

De wetterplysje kontrolearret dizze dagen strang op brêgespringers en minsken dy't tusken boatsjes troch swimme. It gedrach fan de jeugd soarget foar gefaarlike sitewaasjes op it wetter en foar in soad argewaasje by boatsjeminsken.

Guon jongeren meitsje der in sport fan om de folchboatsjes beet te pakken en sa meinaam te wurden. De boetes binne net mis, dy begjinne by 60 euro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)