Sterk begjin Marit Bouwmeester

09 jul 2010 - 23:12

Marit Bouwmester hat op it wrâldkampioenskip yn de Laser Radial in bêst begjin. Yn it Skotske Largs waard de sylster út Warten twadde yn de earste race. Yn de twadde pakte se de winst. Regearend Olympysk kampioene Anna Tunnicliffe út Amearika wûn de earste en waard dêrnei twadde. Beide sylden hjoed yn de blauwe groep.

Bouwmeester en Tunnicliffe ha no beide trije punten. Paige Railey, ek út Amearika, hat fjouwer. Yn de giele groep pakte se in earste en tredde plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)