Jonge rêders huldige

09 jul 2010 - 21:24

Jippe Dijkstra (17) fan Hurdegaryp en Wisse Ruardia (12) fan Idaerd binne freed huldige. Se hawwe de 87-jierrige Gerben van der Heide fan Ljouwert rêden. De man wie op stap mei syn skootmobyl doe't er by de Werpsterdyk de feart yn ried.

Jippe Dijkstra wie der as earste by en koe sa foarkomme dat it karke fierder fuortsakke. Wisse Ruardia stapte it wetter yn om de holle fan Van der Heide boppe wetter te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)