Selsmoard feroardielde

© Omrop Fryslân
In 42-jierrige man út Jobbegea hat himsels tekoart dien nei't er yn heger berop feroardield wie ta seis jier selstraf. It fonnis wie ûnferwacht, omdat it iepenbier ministearje earst allinnich in wurkstraf easke hie fan 180 oeren, foar bedriging.
De man wie yn 2006 de wenning fan syn eks-frou yn Havelte yngien. Hy soe de bedoeling hân ha de frou en harren twa jonge bern dea te sjitten, om dêrnei it fjoer te iepenjen op plysje en omstanners.