Tryatergebou nei simmer klear

09 jul 2010 - 16:37

Toanielselskip Tryater moast him behelpe nei in brân, mar it reparaasjewurk is no fierhinne klear. Ein maaie baarnde in frachtwein mei ljochtmateriaal en dekôrstikken ôf. Dêrtroch moasten dekôrstikken foar de foarstelling op Oerol opnij makke wurde.

Op de loads is in nij dak en in nije souder kaam. Ek de grutte seal hie in nij dak en nije farve nedich. De skea wie mei-inoar in miljoen euro. It measte wurdt fergoede.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)