Ratteslang fûn yn Burgum

Meiwurker fan ReptiCura mei de Burgumer ratteslang
Oan de IIkmounewei yn Burgum is freed in slang fûn. It bist krûpte efter in skuorre. De bewenners warskôgen de buorfrou en dy doarde de slang mei in kessen te fangen. Saakkundigen fan in bistewinkel yn Ljouwert hawwe it bist besjoen. Neffens harren giet it om in ûngefaarlike giele ratteslang.
Sy hawwe it bist ynpakt en meinommen nei de winkel. Dêr hâlde sy de slang de kommende tiid om de eigner de kâns te jaan om him wer op te heljen. Yn de simmer naaie slangen wol faker út.