Gjin grut skerm yn Wolvegea

09 jul 2010 - 15:46

Der stiet no snein gjin grut WK-skerm yn it sintrum fan Wolvegea. Dat is besletten op fersyk fan de hoareka. Der kin allinnich yn de kafees nei it fuotbal sjoen wurde. De gemeente hat fierder ferskate maatregels nommen om oerlêst foar te kommen. Sa wurdt in part fan it sintrum fan Wolvegea de jûns ôfsletten foar autoferkear.

Ek is ôfpraat dat eltse hoareka-ûndernimmer ien befeiliger ynset. De drank wurdt yn plestik bekers skonken. Sels drank meinimme is ferbean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)