Simmeriis lûkt 4.000 riders

09 jul 2010 - 14:10

It simmeriis yn Thialf op It Hearrenfean sil dit jier sa'n 4000 reedriders lûke. Dat is net oars as oare jierren. Sneon is de lêste dei dat der dizze simmer riden wurde kin. It moaie waar fan de lêste wiken hat gjin ynfloed hân op it tal besikers.

Dizze wike wie der sels in ekstra tarin fan minsken. Neffens Jan Swier fan Thialf hat dat te krijen mei de simmerfakânsje, dy't de ôfrûne wike yn it suden al fan start gien is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)