Warns krijt jild foar plein

Warns krijt 50.ooo euro foar it ynrjochtsjen fan in doarpsplein. Dat jild komt fan Jantje Beton. It plein wurdt in boartersplein foar minsken fan ferskate leeftiden en komt by in nij multifunksjoneel sintrum.
By it meitsjen fan de plannen is bern út Warns frege hoe't de boarterstún der út sjen moast. Fierder is oerlein mei âlders, skoallen en oare organisaasjes. Jantje Beton stribbet der nei dat der mear boartersplakken komme dy't troch bern betocht binne.