Troperoaster foar Hearrenfean

09 jul 2010 - 11:53

De seleksje fan SC Hearrenfean hat freedtemiddei frij krigen fan trainer Ron Jans. De training soe middeis om trije oere úteinsette, mar giet fanwege de waarmte net troch. Freedtemoarn is noch wol traind op sportpark Skoatterwâld.

Nei trije oefenwedstriden tsjin amateurseleksjes nimt Hearrenfean it sneon op tsjin Go Ahead Eagles. Ferline jier oefene Hearrenfean ek tsjin de Eagles. Doe einige it duel yn 1-0 troch in doelpunt fan Grindheim.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)