Reizen nei WK-finale fol
Tsientallen Friezen dy't graach nei de WK-finale yn Súd-Afrika wolle, moatte dochs thús bliuwe. Dat seit direkteur Erik van der Waard fan reisburo Internoord yn Ljouwert. It reisburo hat sa'n 75 leafhawwers op de reservelist. Omdat wrâldfuotbalbûn FIFA pas tongersdeitejûn ekstra kaarten frij joech, kinne Internoord en oare reisburo's net mear op tiid de reis en it ferbliuw regelje.
De KLM kin ek net sa gau noch mear ekstra fleantugen ynsette.
Trefwurden:
argyf