Konklikt Flyers út de wrâld

09 jul 2010 - 11:22

De iishockeyers fan de Flyers kinne gewoan meidwaan oan de kompetysje. Ofrûne woansdei kaam der in parseberjocht fan it Nederlânsk iishockeybûn dat de Flyers út de kompetysje helle waarden, omdat se in skuld by it bûn ha soene. Dit ta fernuvering fan foarsitter Danny Micola fan de Flyers, omdat se dêroer noch yn ûnderhanneling wiene.

Tongersdei hat der in petear west. Ek al is it imago fan de Flyers bot skeind, it konflikt is no de wrâld út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)