Wettertoer Dokkum ryksmonumint

09 jul 2010 - 10:56

De wettertoer fan Dokkum wurdt definityf ryksmonumint. Dat hat it ministearje fan Kultuer bekend makke. De toer stiet yn de Top 100, dat is in list mei de wichtichste nei-oarlochske bouwurken.

De 37 meter hege toer yn Dokkum waard ein jierren fyftich boud nei in ûntwerp fan arsjitekt Jo Vegter. De wettertoer is op dit stuit eigendom fan wetterbedriuw Vitens, dy brûkt him ek noch hieltyd.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)