Bromfytser springt yn sleat

09 jul 2010 - 10:34

In 34-jierrige bromfytser út Droegeham woe tongersdeitenacht ûntkomme oan de plysje troch yn 'e sleat te springen. De plysje woe him oanhâlde omdat er net op it fytspaad, mar op de trochgeande dyk lâns it doarp ried.

Doe't de man dat yn 'e gaten krige naaide er út, sprong fierderop yn 'e sleat en bleau dêr ek in skoftsje yn sitten. De plysje sette in plysjehûn yn om him te finen. Doe't de man de hûn hearde, kaam er út de sleat. Hy hie dronken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)