Man smyt fyts yn grêft
De plysje hat tongersdeitenacht op It Hearrenfean in 20-jierrige man oanhâlden omdat er in fyts yn de grêft smiet. Plysjes seagen dat er dat die en namen him mei nei it plysjeburo.
De man sit no fêst op it plysjeburo. De fyts is letter fannacht troch de plysjes sels út it wetter helle.