Softdrugs fûn op 'e Gordyk

Yn in skuorre oan de Brouwerswâl op 'e Gordyk is tongersdeitemiddei in partij softdrugs fûn mei in wearde fan 8500 euro. De plysje hie in anonime tip krigen. Yn de skuorre stie fierders guod om de drugs mei de ferpakken. De plysje hat ek dat yn beslach naam.
Yn de kelder fan it hûs foar de skuorre leine ek drugs, mear as in kilo droege henneptoppen. Ek dat is yn beslach naam. De plysje is noch op syk nei de eigner fan de drugs.