Plannen foar feiliger krusings

09 jul 2010 - 00:03

It feiliger meitsjen fan trije krusings yn de Westergoawei tusken Ljouwert en Boalsert begjint op syn betiidst yn 2014. Alteast, as de plannen net fuortbesunige wurde troch provinsjale steaten. Dêrfoar warskôget deputearre Piet Adema.

Adema wie tongersdeitejûn yn Winsum en krige offisjeel de plannen oerlange foar de krusings by Winsum, Hilaard en Húns en Leons.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)